Twa auto's botse op elkoar en bedarje yn sleat by Aldhoarne

03 des 2018 - 17:18

Op de krusing tusken de N353 en de Oude Groningerweg by Aldhoarne is moandeitemiddei in ûngelok bard. Twa auto's botsten op inoar op it krúspunt. De skea op it plak fan it ûngelok is grut.

Foto: De Vries Media

Beide auto's wiene fan de wei rekke en yn de sleat bedarre. By it ûngelok waard in lantearnepeal rekke, dy't dêrtroch heal omfallen is. De provinsje is oanwêzich om de skea op te nimmen en te ferhelpen. De plysje hat de folsleine krusing ôfsletten foar ferkear.

Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. De iene bestjoerder waard troch ambulânsepersoniel neisjoen. De oare bestjoerder kaam der sûnder kleanskuorren fan ôf.

Trefwurden: 
ûngelok N353 Aldhoarne
(advertinsje)