Ynwenners Eaststellingwerf en Hearrenfean betelje takom jier ôffal de kilo

De ynwenners fan de gemeenten Eaststellingwerf en Hearrenfean moatte fan 1 jannewaris ôf de kilo betelje foar it ôffal dat se ôfleverje. No giet dat noch de kontener of kliko. Op dit stuit betellet elkenien noch 6 euro foar alle kearen dat de kontener lege wurdt.
Diftar ôffalynsammelingssysteem Eaststellingwerf
Dat wurdt aansens 1 euro plus 20 sinten foar elke oanlevere kilo ôffal. Yn de praktyk betsjut dit dat in kear leegjen djoerder wurdt as der mear dan 25 kilo smoargens yn de kontener sit.
Sa moat der mear grien ôffal skieden wurde en net yn de grize kontener komme. En dat wurket yn de proeffaze al. Oer twa jier meie we fan it Ryk noch mar 100 kilo smoargens oanbiede yn it jier en yn 2035 sels noch mar 35 kilo it jier de ynwenner.
Jiskewein weaget de konteners by it leegjen © Omrop Fryslân
Yn Eaststellingwerf wurdt sûnt maart proefdraaid mei dit systeem mei de namme Diftar+. De weinen fan Omrin lêze de konteners mei in chip en weage se. Neffens Omrin-sjauffeur Sjoerd Oosterbos wurket it. Minsken smite minder guod yn de grize kontener, dat der net yn heart, lykas grien ôffal.

Slot op de kontener?

Ynwenners fan de gemeente binne minder entûsjast. Guon miene dat se mear jild kwyt binne. Oaren ferwachtsje mear ôffal op strjitte, omdat minsken it leaver dumpe as dat se der foar betelje. Dat is ek de reden dat minsken benaud binne, dat der by harren yn de kliko smoargens fan oaren smiten wurdt as dêr plak is.
Guon Appelskeasters seagen dat dat no al barde. It is wol mooglik om in slot te keapjen foar de grize kontener, mar dêr binne de minsken net sa op ôfjage op, want ek dat kostet sinten.