Man út Drachten mishannelet syn oansteande en krijt wurkstraf

In man út Drachten hat in wurkstraf fan 40 oeren krigen, omdat er syn oansteande frou mishannele hat. De earste kear sloech er har doe't sy yn de auto siet. Neffens de fertochte luts sy it portier ticht, wylst hy tusken de doar en de auto stie.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De twadde kear wie thús yn de keuken. Doe krige it slachtoffer wer in pear klappen. Dêrfan seit de fertochte dat er him dêr neat fan heuge kin. Hy hie flink dronken en tinkt dat ien wat yn syn drinken dien hat.
De twa binne yntusken troud. Se wurde begelaat troch helpferlieningsynstânsje Fier. De rjochter hat de man ûnder tafersjoch fan de ferslavingssoarch steld, njonken de wurkstraf en in selstraf fan twa wiken ûnder betingst.