1,7 miljoen om it Waad as wrâlderfgoed te behâlden

03 des 2018 - 16:25

Der giet 1,7 miljoen euro nei it behâld fan de Waadsee as wrâlderfgoedgebiet. Dat is moandei yn Leer bekend makke op de slotdei fan it Wrâlderfgoedfoarum. Mei de sinten kin de saneamde Waadaginda trochgean oant juny 2022. It jild komt fan in Europeesk fûns, it Nedersaksyske ministearje foar Federale en Europeeske Saken en de provinsjes Fryslân en Grinslân.

Foto: Remco de Vries

Deputearre Klaas Kielstra is der wiis mei. "Sa kinne we in ferfolch jaan oan de Waadaginda 2.0 om mei Dútslân en Denemarken de stap nei duorsumer rekreaasje en toerisme te meitsjen." Doel is boppedat om it toeristeseizoen te ferlingjen fan maart nei novimber, om de toeristen sa mear oer it jier te sprieden.

De ôfrûne trije jier binne der al miljoenen ynvestearre yn it Waadgebied, om it te bewarjen foar de takomst. Dêrby wie ûnder oare omtinken foar duorsum toerisme en it ferbetterjen fan de kennis oer it wrâlderfgoed. "Ien resultaat fan de lêste jierren is dat der in bettere gearwurking is en dat der no mear ferbining is tusken ekology en ekonomy."

Net allinnich oerheden, mar ek ûndernimmers en it ûnderwiis út it Waadgebiet yn Nederlân en Dútslân wurde stimulearre om gear te wurkjen. Dat dogge se mei bygelyks oanbiedingen en rûten dy't it ferhaal fan it Waad 'libjend' meitsje.

Minsken en partijen by elkoar bringe

De Waadaginda wurdt dit jier offisjeel ôfsletten. It belangrykste doel wie om minsken en partijen by elkoar te bringen dy't op en om it Waadgebiet aktyf binne. De gearwurking hat ûnder oare in grutte kampanje opsmiten dy't it gebiet as Wrâlderfguod oan toeristen oanpriizget. Dat koste seis miljoen euro.

Alle jierren is der no in saneamde dei fan it Waad. It idee dêrfoar kaam út Dútslân, mar dêr waard it folle lytsskaliger oppakt.

Deputearre Klaas Kielstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)