Sân jier sel foar Makkingeaster dy't bern misbrûkte yn Nepal

03 des 2018 - 15:40

De man út Makkingea dy't fêstsit yn Nepal omdat er jierrenlang bern seksueel misbrûkt hat, is dêr feroardiele ta sân jier sel. De man wurke yn Nederlân as bernepsychiater. Hy is yn Nepal feroardiele foar it misbrûken fan twa minderjierrige jonges. De Makkinggeaster moat syn slachtoffers in skeafergoeding betelje.

Foto: Wikimedia Commons

De man wie as toerist nei Nepal reizge. Hy waard yn juny op syn hotelkeamer yn Katmandû betrape mei in 15-jierrige jonge en waard oppakt. Oan dy arrestaasje wie in ûndersyk fan oardel jier foarôf gien.

De ûndersikers wiene traind troch bernerjochte-organisaasje Terre des Hommes. Dy wurket gear mei in spesjale ôfdieling fan de Nederlânske plysje en mei ferskate organisaasjes yn Azië, mei as doel it bestriden fan seksueel misbrûk fan bern.

(Advertinsje)
(Advertinsje)