SP'ers Feenstra en Van der Horst op list foar Europeesk Parlemint

03 des 2018 - 15:35

De SP hat Fenna Feenstra fan Snits op it 5e en Jos van der Horst fan Drachten op it 26ste plak set op de list foar de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint. Dy ferkiezingen binne fan 23 oant 26 maaie takom jier. Nederlân giet op 23 maaie nei de stimbus.

Foto: Gemeente Smellingerlân

Fenna Feenstra (48) is fraksjefoarsitter fan de SP yn de Provinsjale Steaten. Se wie ek de listlûker by de Steateferkiezingen.

Jos van der Horst (61) sit op dit stuit foar de SP yn de gemeenteried fan Smellingerlân. Yn it foarige kolleezje wie er wethâlder.

De SP hie by de foarige ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint twa sitten.

(advertinsje)