Tim Douwsma bringt nije single út: Ik mis je meer en meer

03 des 2018 - 15:32

Tim Douwsma fan Drachten hat in nije single útbrocht. Sels neamt er it syn meast persoanlike plaat oait.

It nûmer hyt 'Ik mis je meer en meer'. Hy hat it in skoft lyn al skreaun, nei oanlieding fan it ferstjerren fan syn neefke, by in tragysk ûngelok.

"It wie dêrom ekstra spannend om it nûmer út te bringen, omdat it sa persoanlik is. Bysûnder wie dat it fuort yn de Top 5 fan iTunes kaam. En ik ha al in soad moaie reaksjes krigen. Se moatte troch it liet oan ien tinke dy't se ferlern ha. Muzyk is ek emoasje, minsken helje der steun út, dêr kin gjin gouden plaat tsjin op."

Minsken helje der steun út, dêr kin gjin gouden plaat tsjin op.

Tim Douwsma

Fan it simmer wie de akteur en sjonger yn Los Angeles, mar dêr mei er fierder noch neat oer sizze. Nei't er in pear moannen siik west ha, in soarte fan Pfeiffer, giet it no wer goed mei him.

Hy libbet sûn, giet geregeld nei de sportskoalle en drinkt sellerysapkes. "It wie pittich, mar der komme moaie dingen oan, ik bin in posityf minske." Syn motto is 'doar te dreamen'.

Foto: ANP

Tim Douwsma oer de nije single

Trefwurden: 
Drachten single Tim Douwsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)