Aksjegroepen út it hiele lân nei Grins foar rjochtsaak oer gaswinning Nij Beets

03 des 2018 - 15:08

De aksjegroep Tsjingas hat aksjegroepen út it hiele lân frege om nije wike tongersdei nei de rjochtbank yn Grins te kommen. Dêr tsjinnet dan de saak fan ûnder oare Tsjingas tsjin gaswinbedriuw Vermilion oer in proefboaring by Nij Beets.

Aksjegroep Tsjingas by in eardere demonstraasje yn Den Haag - Foto: ANP

Neffens Tsjingas stean se net allinne yn harren ferset tsjin gasboarrings. Op mear as tritich plakken yn hiel Nederlân soene plannen wêze foar nije putten of om mear of langer gas út besteande gasfjilden te heljen. Under oare de Groninger Bodem Beweging (GBB) komt nije wike nei de rjochtbank.

In wurdfierder seit dat de aksjegroepen har net tsjin elkoar útspylje litte: "Het is voor ons zeer wrang te moeten constateren dat vermindering van de gaswinning uit het Groningerveld tot het verder leegpompen en het slaan van nieuwe putten voor gaswinning elders leidt. Met straks wellicht ook alle gevolgen van dien."

Njonken Friezen en Grinslanners komme nije wike ek aksjegroepen út Drinte, Oerisel, Noard-Brabân en Utrecht nei Grins.

Bliid mei stipe

Foarsitter Monique Plantinga fan Tsjingas is bliid mei de stipe: "Vorig jaar werd Nij Beets in de rechtbank nog weggezet als een 'Gallisch dorpje'. Maar inmiddels is in heel Friesland en in de rest van het land sprake van een heleboel van die dorpjes. Samen met hen en anderen die het klimaat belangrijk vinden, vormen wij een krachtige vuist tégen nieuwe gasboringen en vóór duurzame energie."

(advertinsje)
(advertinsje)