Yn Jordanië stiet woansdeis in "Blauwe Hap" op it menu

03 des 2018 - 14:33

Omrop Fryslân wie ôfrûne wike yn Jordanië om dêr te sjen hoe't it giet mei de mannen en froulju dy't dêr hurd wurkje yn de striid tsjin IS yn Syrië.

Repo Jordanie 2

Op de basis Snow City, midden yn de woastyn, binne 150 militêren, foar it grutste part fan de fleanbasis Ljouwert. Se wiene yn 2014 it earste detasjemint dat kaam en op 1 jannewaris rint de Nederlânske misje ôf. Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie in pear dagen yn Jordanië.

De keuken wurdt rund troch Douwe. Hy is fan oarsprong in marineman en is mei in kollega fan de lânmacht detasjearre by de loftmacht. Sels stiet er ien dei yn de wike yn de keuken, op woansdei: "Ja, ik bin en bliuw in marineman. Dus op woansdei stiet hjir de "Blauwe Hap" op it menu. Goed iten is fan grut belang. Hawwe je de keuken goed op de rit dan is dat goed foar de moraal."

De baas fan de fleanbasis Ljouwert, kolonel Arnoud Stallmann, kaam ek del om bypraat te wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)