30 oeren wurkstraf foar bedriging fan Feanster ICT-bedriuw mei koefoet

In 56-jierrige ûndernimmer út Harderwijk is troch de plysjerjochter feroardield foar bedriging en fernielings by in ICT-bedriuw op It Hearrenfean. De man hie in saaklik konflikt mei it bedriuw en rûn ein july mei in koefoet nei binnen. Dêrmei bedrige er de eigener en in wurknimmer. Hy sloech dêrby driigjend mei de koefoet op tafel.
Laptop © Shutterstock.com
De ûndernimmer krige in wurkstraf fan 30 oeren en in wurkstraf ûnder betingst. It saaklike konflikt tusken beide manlju is noch hieltyd net oer. De man is net tefreden oer de webside dy't it Feanster bedriuw foar him makke, wylst it bedriuw seit dat se noch jild fan de man út Harderwijk krije. Se ha de webside dêrom op slot set. De ûndernimmer hat in advokaat op de saak set.