Miljoenen foar Harmoniekertier

08 nov 2011 - 11:27

De gemeente Ljouwert wol 15 miljoen euro ynvestearje yn it opknappen fan it Harmoniekwartier. Dat is it gebiet tusken Nijstêd, Skavernek en Ype Brouwersteech. It moat it kultureel konsintraasjegebiet fan Ljouwert wurde dêr't Poppoadium Romein en it Friesland College in plak krije. 

De wyk is fertutearze en moat opknapt wurde. Dêrom hat de gemeente yn it ferline tal fan pannen oankocht. Der lizze ferskate farianten, dy't fierder útsocht wurde moatte.

De gemeenteried moat oer in heal jier in kar meitsje. De keunstopliedingen sitte op dit stuit op yndustryterrein De Hemrik. De 425 studinten ferhúzje dan nei it Harmoniekwartier. As de plannen trochgeane komt de Westertsjerke, dêr't Romein no noch ynsit, leech te stean.  

(advertinsje)
(advertinsje)