Besunigings op sport yn Frjentsjerteradiel

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel wol 80.000 euro besunigje op de sportakkomodaasjes. Dat moat foar 2014 barre. Der binne 17 opsjes dêr't de gemeenteried út kieze kin om de besparrings te realisearjen. It skrassen fan tal fan sportakkomodaasjes smyt it measte jild op.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fielt dêr wol foar. In oare mooglikheid is om de tariven te ferheegjen en de sportfoarsjennings minder faak te ûnderhâlden. Ek wurdt sjoen nei de hichte fan de sportsubsydzjes en hoe't dy ferdield wurde ûnder de klups.