Iepenbier Ministearje lûkt heger berop yn fan 15 fan de 34 A7-blokkadesaken

03 des 2018 - 13:49

It Iepenbier Ministearje lûkt it heger berop yn fan 15 fan de 34 saken yn de A7 blokkadesaak. By dizze 15 saken ha de minsken dy't feroardiele binne, ôfsjoen fan it ynstellen fan heger berop tsjin it fûnis fan de rjochtbank.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

It Iepenbier Ministearje makket út dit beslút op dat dizze 15 minsken berêste yn harren straf. Mei it ynlûken fan it heger berop wurdt de straf foar de 15 feroardielden definityf. Yn de oare 19 saken, wêryn't de fertochten ek yn heger berop gien binne, bliuwt it heger berop stean.

Op 'e nij besjoen

Hoewol't de straffen sawat gelyk binne oan de easken fan de offisieren wol it Iepenbier Ministearje gebrûk meitsje fan de mooglikheid om de feiten wêrfoar't de fertochten frijsprutsen binne, yn heger berop op 'e nij oan de oarder te stellen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)