Undersyk nei groom 6-ferve yn Ljouwerter finzenis

Der wurdt op dit stuit ûndersocht oft meiwurkers en/of detinearden fan de Ljouwerter finzenis wurke ha mei de kankerferwekkende groom 6-ferve. Dat ûndersyk wurdt dien troch it RIVM, dat yntusken al in pear moanne dwaande is. De útkomsten wurde begjin 2019 ferwachte.
© Omrop Fryslân
Yn ferskate finzenissen, wêrûnder dy fan Ljouwert, is wurke mei hout dat 'verduurzaamd is met chroomhoudende bestandsdelen', sa hat minister Sander Dekker fan Rechtsbescherming yn augustus dit jier tajûn yn syn antwurd op keamerfragen.
Dat hout waard brûkt foar ûnder oare it meitsjen fan túnhekjes. Dat barde op de arbeidsôfdieling fan de finzenis, dêr't detinearden alle dagen wurkje. "Ik kan me goed voorstellen dat personeelsleden en gedetineerden zich zorgen maken", joech de minister ta. "Uit voorzorg is inmiddels met de leveranciers afgesproken dat alleen hout wordt geleverd dat niet verduurzaamd is met chroombestanddelen."

Kompensaasje

Advokaat Jehudi Moskowicz hat út namme fan hast hûndert detinearden út Ter Apel yn in brief oan it ministearje fan Justysje kompensaasje frege. Dizze finzenen moasten jierrenlang sûnder beskerming mei de ferve wurkje.
No't der in kompensaasjeregeling is foar minsken dy't yn it leger mei de groom-6 ferve wurke hawwe, soe der ek sa'n regeling komme moatte foar detinearden. De advokaat kin him yntinke dat ek detinearden yn Ljouwert harren by dizze claim oanslute wolle.