Plysje brûkt wapenstôk by rebûlje yn McDonald's De Jouwer

In groep fan sa'n 30 manlju hat sneontejûn foar opskuor soarge by de McDonald's oan de Sewei op De Jouwer. De groep dronken manlju begûn mei iten te smiten en yntimidearre it personiel. Doe't se ek achter de baly kamen, bellen meiwurkers de plysje. Dy hie grutte muoite om de groep út it fastfood-restaurant te krijen.
© ANP Foto
Doe't de groep lang om let bûten stie, moast de plysje de wapenstôk brûke om de groep yn de bus te krijen. Mei help fan kamerabylden fan de McDonald's sil de plysje besykje de dieders te finen om sa de skea te ferheljen op de fernielers. "Der komt noch in flink sturtsje oan dizze saak", lit plysjewurdfierder Anne van der Meer witte. "Der is al ien dieder oanhâlden. De measte manlju komme út Sint-Nyk."

Bot skrokken

It wie neffens de bedriuwslieder fan de McDonald's foar it earst yn 26 jier dat it yn de lokaasje op De Jouwer sa út de hân rûn. De bedriuwslieder hat snein mei syn meiwurkers praat en oanjefte by de plysje dien. Guon meiwurkers wiene bot skrokken fan it yntimidearjende gedrach fan de dronken manlju.