Grutte Joadske kandeler komt op it Ljouwerter Wilhelminaplein

In kandeler fan 12 meter heech komt op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. De kandeler mei acht ljochten wurdt brûkt foar it Joadske Chanoekafeest. Dat feest duorret oant en mei 10 desimber. Chanoeka wurdt ek wol it 'Lichtjesfeest' neamd.
Grutte Joadske kandeler komt op it Ljouwerter Wilhelminaplein
Om 19:00 oere moandeitejûn wurde de earste twa kearzen oanstutsen troch kommissaris fan de Kening Arno Brok en troch opperrabbyn Binyomin Jacobs. Sy sille dêrfoar yn in bakje omheech takele wurde. Tongersdei wurdt de kandeler fuorthelle om plak te meitsjen foar de freedsmerk.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei Arjen Lont
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Trije ûndernimmers hawwe harren bot ynset foar de komst fan de kandeler, Klaas Zijlstra, Germ van der Schaaf en Arjen Lont. Sy binne kristlike ûndernimmers en fiele harren bot ferbûn mei it Joadske folk. Sy fine it moai dat de kandeler yn it Kulturele Haadstêdjier yn Ljouwert komt.
Earder hat de grutte kandeler, dy't yn Fryslân makke is, ek al oare plakken yn Nederlân oan dien. It doel is dat de kandeler aanst op in fêste lokaasje yn Israël komt.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra