Berne-opfangorganisaasjes wolle de Stint graach wer op de dyk ha

03 des 2018 - 12:24

De Stint moat takom jier wer de iepenbiere dyk op. Efter de skermen wurdt hurd wurke oan plannen om dat foar inoar te krijen. De Stint is in grutte elektrysk oandreaune bolderkar dy't benammen troch berne-opfangorganisaasjes brûkt wurdt. It is de bedoeling dat it apparaat oanpast en feiliger makke wurdt.

De Stint's stiene hjoed wurkleas foar it Verkearseducatie Centrum yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Begjin oktober waard de Stint fan de dyk helle nei it deadlike ûngelok mei in Stint yn Oss.

Berne-opfangorganisaasjes wolle dy Stint de dyk wer op ha om't se dit ferfiermiddel nedich ha. Boink, de oerkoepeljende belange-organisaasje foar berne-opfang, hat dêr om frege. Se krije hieltyd mear sinjalen dat der ferlet fan is. Benammen om't it waar minder wurdt, wurdt it lestiger om bern op oare wizen te ferfieren.

"Ze zitten met smart te wachten op de terugkeer", fertelt Jan Baljeu, direkteur fan Friesland Lease dy't sa'n 700 Stints hat.

Underwilens wurdt hurd wurke oan plannen om de Stint mei technyske oanpassings feilich de dyk op te krijen. Dat bart yn gearwerking mei de TU yn Eindhoven. "Er komt andere bekabeling op, ze kijken naar aanpassing van het remsysteem en een eventuele voorziening als een noodstop."

Bestjoerder

No mei de Stint troch elkenien âlder as 16 jier bestjoerd wurde, dat soe ek oars moatte.

"De leeftijd moet omhoog en iedereen die ermee rijdt, moet op cursus. Je moet weten hoe de Stint werkt."

It hinget fan de minister ôf oft en wannear't de Stint de dyk wer op kin. Se moat de Stint frijjaan foar de iepenbiere dyk, mar se moat ek earst it plan mei de oanpassingen goedkarre. "Dan kan het nog maanden duren want voor alle drieduizend Stints moeten er dan onderdelen worden besteld."

Trefwurden: 
Stint Friesland Lease boink
(Advertinsje)
(Advertinsje)