Surinaamske 'ridder Len' leit mei syn farrende kastielskip yn Snits

03 des 2018 - 12:09

Yn de haven fan Snits leit sûnt koart in hiel opmerklik skip. It bouwurk njonken it kantoar fan de havenmaster hat noch it measte wei fan in kastiel. Kantelen foar en achter, in hege toer en in ophelbrêge yn stee fan in 'loopplank'. En boppe-oan dy planke stiet de like opmerklike eigener fan dit opfallende skip: ridder Lennie Vries.

Surinaamske 'ridder Len' leit mei syn farrende kastielskip yn Snits

"Hier zijn we in de martelkamer. Dat is misschien niet één van de leukste plekken, maar wel heel belangrijk natuurlijk." Laitsjend nimt Lennie Vries ús mei troch syn museumskip mei de namme Vlotburg. "Je had destijds een martelkamer nodig om het volk in het gareel te houden." Vries praat mei in wat aparte miks fan aksinten. Der sit sa no en dan ris wat Dútsk troch, mar it is benammen de Surinaamske tongfal dy't opfalt.

Op syk nei de midsiuwen

En dat is ek net sa gek. Vries komt oarspronklik út Paramaribo, mar is tsientallen jierren werom nei Nederlân kaam. Net om te sykjen nei in baan, mar om op syk te gean nei de midsiuwen. "Ik had al heel vroeg een passie voor ridders. Ik wilde als kind altijd een ridder zijn en dat is eigenlijk nooit overgegaan. Maar in Suriname hadden we natuurlijk geen kastelen of andere dingen uit die tijd. Dus kwam ik hier."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ik heb het schip zelf gebouwd.

Ridder Lennie Vries

It driuwende kastiel dat Lennie no hat, hie er yn it begjin noch net. Dat hat er yn de rin fan de jierren sels boud. "En ook alles wat er in zit, heb ik voor een groot gedeelte zelf gemaakt, want je kunt niet veel dingen meer kopen die echt uit de middeleeuwen komen. Al zitten ze er wel echt tussen."

Tema's út de midsiuwen

It skip stiet fol mei guod. It hat ferskate keamers, dy't in bepaald tema út de midsiuwen útbyldzje. Sa is der in martelkeamer, mar ek in herberch, in wapenkeamer en in heksewaach. En op it dak fan it skip stiet in lyts hynder, dat mar wat graach tegearre mei ridder Len hinne en wer draaft oer de lingte fan it skip.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mensen hebben zoiets nog nooit gezien.

Ridder Lennie Vries

Vries hat it skip net allinich foar himsels boud. Hy fart der mei troch hiel West-Europa. De Vlotburg is neist de wenboat fan Vries en syn Dútske frou ek in soarte fan museum. Want Vries dielt syn passy foar de midsiuwen graach mei oaren.

Persoanlike rûnlieding

Yn in midsiuwsk kostúm jout er persoanlik de rûnliedings op it skip, wylst syn frou achter de kassa sit. "Mensen reageren heel enthousiast. Zoiets hebben ze natuurlijk nog nooit gezien. Als ik aan kom varen, grijpen ze meteen hun smartphone of fototoestel om een foto te maken. Daar geniet ik van."

(Advertinsje)
(Advertinsje)