Ald-Cambuurspiler Gregg Berhalter wurdt bûnscoach fan Amearika

03 des 2018 - 11:56

Ald-Cambuurspiler Gregg Berhalter is de nije bûnscoach fan Amearika. Berhalter is de opfolger fan ynterim-bûnscoach Dave Sarachan, dy't yn oktober Bruce Arena ferfong. Arena wist him mei de nasjonale ploech net te pleatsen foar it ôfrûne WK yn Ruslân.

Gregg Berhalter krijt in shirt fan Gerald van den Belt - Foto: Twitter @SCCambuurLwd

Berhalter spile twa seizoenen foar SC Cambuur en spile yn totaal 56 wedstriden foar de Ljouwerters. Beide seizoenen (1998/99 en 1999/2000) waard hy útroppen ta spiler fan it jier.

De no 45-jierrige Berhalter spile 44 ynterlâns foar Amearika en wie earder coach fan it Sweedske Hammerby IF en Columbus Crew.

Hy wurdt tiisdei offisjeel presintearre en moat der foar soargje dat Amearika him pleatst foar it WK yn 2022.

(advertinsje)