CSG Liudger wol mear maatregels om jongerein fan it smoken te krijen

03 des 2018 - 11:33

It bestjoer fan skoalmienskip CSG Liudger wol dat der mear dien wurdt om it tal jongeren dat smookt werom te bringen. Yn in brief oan de gemeenten Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Eaststellingwerf seit it skoalbestjoer dat der mear maatregels nedich binne foar in 'smookfrije generaasje'.

CSG Liudger wol mear maatregels om jongerein fan it smoken te krijen

Sûnt 2016 hat it bestjoer fan CSG Liudger smooksônes ynsteld by de fiif skoallen fan de skoalmienskip. Troch it belied is it tal meiwurkers dat smookt wol ôfnaam, mar it tal learlingen dat in sigaretjse opstekt is noch net nei ûnderen gien.

Smoke - Foto: Shutterstock.com

Neffens it bestjoer moatte der mear smooksônes komme en moat der mear foarljochting jûn wurde oan âlden en learlingen. It bestjoer freget gemeenten om mear stipe om dit foar elkoar te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)