Pleats yn Aldegea krijt earste sinnedak fan Enerzjy Koöperaasje Folsgeare

03 des 2018 - 11:27

It earste sinnedak fan Enerzjy Koöperaasje Folsgeare wurdt sneon offisjeel yn gebrûk naam. It dak leit op de stâl fan de famylje De Jong yn Aldegea (Súdwest-Fryslân). Dêr siet asbest yn it dak fan de stâl, dat dêrom ferfongen wurde moast.

Foto: ANP

Der is in dak mei 224 sinnepanielen foar yn it plak kaam. De koöperaasje hat foar dit projekt mear as 200 sinnesertifikaten oan dielnimmers ferkocht. De koöperaasje is fan doel om op mear dakken sinnepanielen oan te lizzen.

It úteinlike doel is dat Folsgeare op dizze wize enerzjyneutraal makke wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)