Harry van der Molen wol bern beskermje mei 'Kijkwijzer' foar YouTube

03 des 2018 - 10:56

It Ljouwerter CDA Twadde Keamerlid Harry van der Molen pleitet foar in 'Kijkwijzer' op ynternetplatfoarms lykas YouTube. Mei de sjochwizer moatte bern better beskerme wurde tsjin bylden mei seks, geweld en grouwélige taal.

Pake mei de tablet - Foto: Shutterstock.com

Van der Molen sil syn foarstel moandei oan 'e oarder stelle by de behanneling fan de mediabegrutting. Hy seit der fuortendaliks by dat it in hiele put wurk wurde sil. "Mar stap foar stap komme we der wol", stelt Van der Molen. Hy fynt it beskermjen fan bern alle muoite mear as wurdich.

CDA Twadde Keamerlid Harry van der Molen oan it wurd

(Advertinsje)
(Advertinsje)