Dokkum hat mear sliepplakken nedich

Twa jier nei de iepening fan De Sintrale As fernimme ûndernimmers yn Dokkum hieltyd mear de positive útwurking fan de nije dyk. Winkeljend publyk en toeristen witte Noardeast-Fryslân en Dokkum hieltyd better te finen. Dêrmei ûntstiet der lykwols ek in probleem: der binne te min sliepplakken.
Dokkum hat mear sliepplakken nedich
Benammen yn Dokkum moat op koarte termyn mear en bettere sliepplakken komme, om foar te kommen dat toeristen Dokkum links lizze litte. Jan Michiel van der Gang is ûndernimmer en boppedat de grutte man achter de Admiraliteitsdagen. Hy is der fan oertsjûge dat de groei fan it tal toeristen struktureel is, ek no't Kulturele Haadstêd oer is.

Wurk oan de winkel

"Der is folop wurk oan de winkel om der foar te soargjen dat toeristen net allinnich winkelje en ite yn Dokkum, mar ek in nachtsje sliepen bliuwe", fynt Van der Gang.
© ANP

Sliepplakken yn Dongeradiel

Yn de gemeente Dongeradiel binne yn totaal 207 hotelbêden beskikber, wêrfan't der 152 yn Dokkum stean. Kanttekening by dit oantal wie it feit dat de 55 bêden yn Hotel De Abdij van Dokkum it ôfrûne jier net beskikber wiene, om't dit hotel ticht wie. "Dat ferhege de druk by oare sliepplakken", fertelt Sjoerd de Hoop fan Gasten Gilde Noordoost-Fryslân. Yn 2019 iepenet De Abdij har doarren wer.