Plysje hâldt man oan mei ynbrekkersark op 'e rêch

03 des 2018 - 09:39

De plysje yn Ljouwert hat snein in 27-jierrige man oanhâlden, om't er mei ynbrekkersark op 'e rêch omfytste. De plysje krige de man yn it fizier doe't er op de Foarstreek yn Ljouwert sûnder achterljocht fytste. De man hie boppedat in opfallende rêchpûde by him.

Ynbrekker mei in koefoet - Foto: Shutterstock.com

Doe't de man de plysje seach, besocht er út te naaien. By de Ciprianussteech koe de plysje him dochs noch oanhâlde. De man hie ynbrekkersark en drugs by him. It ark is yn beslach naam. De man hat in proses-ferbaal krigen om't er ynbrekkersark by him hie.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert ynbrekkersark
(advertinsje)