Rydstroken ûnder akwadukt Harns wer iepen

03 des 2018 - 09:15

Alle rydstroken ûnder it akwadukt yn de N31 by Harns binne wer iepen. Troch in stikkene pomp lei der snein oan beide kanten fan de dyk in flinke plasse wetter. Ferkear moast dêrom rekken hâlde mei fertragings, om't der mar ien rydstrook beskikber wie. It probleem is lykwols wer ferholpen, meldt Rykswettersteat.

Foto: Postema Media

It wetter is mei tankweinen fuorthelle. In monteur hat de pomp makke. Ferkear kin wer gebrûk meitsje fan beide rydstroken.

Trefwurden: 
Harns N31 akwadukt
(advertinsje)
(advertinsje)