'Lieve Tandartsen' sette de tosken yn benaude pasjinten

03 des 2018 - 08:48

Mar leafst 40 prosint fan de folwoeksenen yn Nederlân is benaud om nei de toskedokter te gean. Sa'n 800.000 minsken binne sa benaud dat se net mear yn de toskedoktersstoel plaknimme wolle. Spesjaal foar dizze doelgroep is der no de 'Lieve Tandarts'. Dit is in keurmerk foar toskedokters dy't hiel goed omgean kinne mei benaude bern en folwoeksenen.

Toskedokter - Foto: Shutterstock.com

Ien fan de praktiken dy't it 'Lieve Tandarts'-keurmerk hat, is toskedokterpraktyk Ubbink & Partners yn Dokkum. Toskedokters Pieter Ubbink en Marius Kuisys dogge der alles oan om benaude pasjinten yn harren stoel te krijen. Pieter: "Bange mensen willen we weer terug in de praktijk krijgen. Je moet je angst overwinnen. Je moet de leeuw even in z'n bek kijken. Wees trots op je gebit en laat ons er wat aan doen wanneer de schade nog beperkt is. Wacht niet tot het pijn gaat doen."

Je moet de leeuw even in z'n bek kijken.

Toskedokter Pieter Ubbink

De toskedokterspraktyk yn Dokkum krige it keurmerk net samar. "Dit keurmerk moet je verdienen", fertelt Pieter. "Je moet extra aandacht voor de patiënt hebben, in al z'n facetten. De drempel om te gaan, moet minder hoog worden. Mensen die 26 jaar niet geweest zijn, die hebben een gigantische barrière om te komen. Dat is zonde."

Marius: "We zijn samen lieve tandartsen en we maken ons sterk om mensen weer naar de tandarts te krijgen. We besteden meer tijden aan het bezoek. En we proberen pijn te voorkomen tijdens de behandeling."

Bauke Deelstra sjocht by de toskedokter

Ien fan de saken dy't de toskedokters yn Dokkum brûke is apparatuer mei in saneamde 'stop-knop'. Dêrmei krije pasjinten sels kontrôle by de behanneling. Wannear't se it spannend fine, kinne se op de stop-knop drukke.

De stop-knop moat rêding bringe

(Advertinsje)
(Advertinsje)