Kollum: "Lekker pik"

03 des 2018 - 07:32

"No't it desimber is, hear ik oeral op de radio top 100 en Top 1000-listen. Ek by de Omrop kin der wer omraak stimd wurde op ús eigen Fryske Top 100. Ik moat earlik tajaan dat ik noch noait myn stim útbrocht ha op hokker Top 100 of 1000 dan ek. Want ik bin echt in nul as it op muzykkennis oankomt.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Doe't ik noch yn de studio wurke op sneon krigen wy alle wiken fersykjes. Ik hie meastentiids gjin flau benul wat foar platen it wienen. En ek mei bands- of artystenammen moatst by my net oankomme. Ik wit werklik neat.

Doe't ik lyts wie, hiene wy eins noait de radio oan. Dochs bin ik grutbrocht yn in hiel muzikale famylje. Wy blaasden eins allegear by it muzykkorps. Mar de radio oan om nei de Top 1000 te harkjen, dat diene wy eins nea.

Yn de hoeke fan de keamer stie by ús heit en mem in radio mei der boppe-op in platespiler. Wy brûkten it ding amper. Doe't ik him jierren en jierren letter ris meinaam nei freonen om âlde lp's te draaien, blykte de nulle sa krom as in hoepel te wêzen. Dat wie fêst al dy jierren al it gefal, mar net ien fan ús dy't it ea opfallen wie.

Doe't ik in jier as tsien wie, krige ik myn eigen radio. Doe begong foar it earst myn muzikale ynteresse wat te kommen. Op freedtemiddei siet ik mei myn finger op de play- en rec-knop foar radio 538 om in nûmer op te nimmen. En janke jonge, as de dj der trochhinne prate. Ik koe fansels ek wol in cd'tsje keapje, mar dat fûn ik skande fan it jild. Ik ha goed teld ien cd krigen op Sinteklaas. Dus sa komt it dat myn muzykkennis beheind bleaun is oant de 20 nûmers fan Yabba-Dabba-Dance diel 7.

Hoe oars is dat hjoed-de-dei. Tsjintwurdich fytst de jeugd standert mei koptelefoans op dêr't muzyk fan Spotify útkomt. Se meitsje mei it grutste gemak in eigen playlist oan. By ús thús binne se acht en njoggen, mar se ha in playlist as wiene se tritich en fjirtich. Net te leauwen hoefolle muzyk dy bern byelkoar skarrelje online.

Lêstendeis hiene wy it thús oer it feit dat ik eins hast gjin muzyk ken. "Ja mar Nynke, do meist ek wol wat nûmers fan my ha, hear", sei de jongste. Hy skode syn iPad nei my ta. Ik fûn it suver begrutlik. Dus ik koekeloere yn syn list. En it bekje foel my iepen.

De list begong mei it nûmer 'Dikke tieten kartoffelsalat' fan it Feestteam. Dêr ûnder stie it ferske 'Radler is geen alcohol'. En grutsk wiisde er my syn nijste favoryt oan. 'Lekker pik' fan Buren van de Brandweer. "Eeeh...", sei ik. "Bysûndere plaatsjes." "Moai hè?" lake er grutsk.

In jonkje fan 8 mei as favorite hit 'Lekker pik'. Ik betwivelje oft de muzikale smaak fan de nije generaasje der echt op foarút giet. Mar doe tocht ik wer efkes oan myn Yabba-Dabba-Dance cd. Us heit en mem snapten eartiids ek neat fan myn muzyksmaak. Dus de konklúzje is helder: wa't 'Lekker pik' net wurdearje kin, wurdt sels gewoan in âld lul."

(advertinsje)
(advertinsje)