Jonge (18) taast famke oan op stasjon Ljouwert

De plysje yn Ljouwert hat sneontejûn in 18-jierrige jonge oanhâlden, nei't er by it busstasjon in 16-jierrich famke oantaast hie. De jonge betaaste it famke en woe har tútsje.
It stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De plysje waard der by helle. Doe't dy oankamen, wie de oantaaster al útnaaid. De jonge koe yn de omkriten fan it stasjon lykwols dochs noch oanhâlden wurde.