Rendert Algra hâldt op as foarsitter fan fûgelwachtersbûn BFVW

03 des 2018 - 05:58

Rendert Algra hâldt op as foarsitter fan it fûgelwachtersbûn BFVW. Yn maart leit er syn funksje del. Hy hat dan twa perioaden fan trije jier hân. Dat it aaisykjen no ferbean is, spilet in rol by syn beslút, seit er.

Rendert Algra by de ledegearkomste fan it BFVW yn 2016 - Foto: Henk Bootsma

"It is moai as je as foarman fan in organisaasje hûndert persint achter it belied stean kinne", seit Algra. Hy fynt dat it tiid is foar nij bloed.

"De ôfrûne seis jier wie it aaisykjen altyd prominint yn byld. We wiene der offisjeel foarstanner fan. Yn maart komt der in nij belied. De kâns is grut dat it aaisykjen dêr in minder promininte rol yn krijt."

Der wurdt al jierren net mear aaisocht

Yn 2015 is it aaisykjen ferbean, earst troch de Ried fan Steat, en letter ek troch de provinsje, dy't gjin fergunning ôfjaan woe. Dat begruttet Algra. "Ik bin der wis fan dat it aaisykjen gjin negative ynfloed hat op de ûntwikkeling fan de ljip. It is spitich dat we dêr net mear minsken fan oertsjûgje kind ha."

Aaisikers yn it lân by Jirnsum - Foto: ANP

"Fjouwer jier lyn wie der gjin diskusje oer it aaisykjen, mar troch it ferbod is de miening dêroer draaid", seit Algra. We meie no al jierren net mear aaisykje. Der is in nije sitewaasje. En der binne hieltyd mear minsken dy't dêrfan oertsjûge binne. Of dy't deryn berêste."

Algra waard yn 2013 frege oft er foarsitter wurde woe fan it fûgelwachtersbûn. "Dat fernuvere my, want ik bin gjin betûft aaisiker. Ik rin se stikken, om it sa mar te sizzen. As jonkje ha ik it wol besocht, mar it wie myn ding net."

De leafde foar de natoer, en benammen foar de greidefûgels, is by Algra bot groeid de ôfrûne jierren. "Ik bin pakt troch it entûsjasme en de motivaasje fan de tûzenen neisoargers, dy't oer de hiele provinsje nêstkastkes fersoargje", seit er. "Dêr sit de wrâld oan ferskillende fûgels yn."

Algra sjocht foldien werom op de ôfrûne seis jier. "Ik fyn it moai dat ik it dwaan mocht. Mar no is it tiid foar in oarenien."

Trefwurden: 
BFVW Rendert Algra aaisykjen
(advertinsje)
(advertinsje)