Twadde wedstriid fan it wykein maklike proai foar de UNIS Flyers

De UNIS Flyers ha de twadde wedstriid fan dit wykein wûn mei 7-2 fan de Golden Sharks út Mechelen. Dy ploech makket dit jier syn debút yn de BeNe League.
© www.orange-pictures.nl
Nei de earste perioade wie it noch 1-1 yn Mechelen, mar dêrnei wienen de Flyers dúdlik better. De doelpunten wienen fan Kevin Nijland, Ronald Wurm, Marco Postma, Tony Demelinne en Adam Bezak. De lêsten skoarden beide twa kear.
Sneon wûnen de Flyers fan in oare Belgyske tsjinstanner. Yn eigen hûs waard it 6-3 tsjin de Chiefs út Leuven. Adam Bezak skoarde doe fjouwer doelpunten.