Hoefolle miljoen euro hat Europa foar de Waadsee oer?

02 des 2018 - 21:16

Der liket in goeie kâns op in trochstart fan de saneamde Waadaginda. De ôfrûne trije jier is der troch dat projekt foar miljoenen ynvestearre yn it Waadgebiet. Yn Dútslân komme moandei 200 saakkundigen by mekoar om der oer te praten. Se ha allegearre foech en doel oer toerisme en natuerbeskerming yn it Waadgebiet.

It Waad by Flylân. - Foto: Remco de Vries

De Waadaginda wurdt dit jier offisjeel ôfsletten. In mooglik ferfolchprojekt soe nei alle gedachten minder jild te besteegjen ha. It projekt is betelle mei Europeesk jild.

Minsken by mekoar bringe

It belangrykste doel wie om minsken en partijen by elkoar te bringen dy't op en om it Waadgebiet aktyf binne. De gearwurking hat ûnder oare in grutte kampanje opsmiten dy't it gebiet as Wrâlderfguod oan toeristen oanpriizget. Dat koste seis miljoen euro.

Alle jierren is der no in saneamde dei fan it Waad. It idee dêrfoar kaam út Dútslân, mar dêr waard it folle lytsskaliger oppakt.

Belgyske toeristen by Swarte Haan - Foto: Remco de Vries

De Waadferiening hat de Waadaginda brûkt om rekreaasjeûndernimmers yn kontakt te bringen mei minsken dy't in soad oer de Waadsee witte. It giet om toeristyske ûndernimmers, natuerbeskermingsorganisaasjes en de oerheid. Dat soe in ferfolch krije kinne foar hoarekaûndernimmers dy't mear witte wolle oer it Waadgebiet.

De byienkomst wurdt moandei holden yn it Dútske Leer. Der binne saakkundigen en politisy út Nederlân en Dútslân by.

Positive reaksjes

Hans Revier fan de Waadferiening is entûsjast. "Als Waddenvereniging hebben we ons ondernemersnetwerk een aantal bijeenkomsten kunnen laten organiseren met geld uit de Waddenagenda." Boppedat hat er in soad opstutsen fan syn Dútske kollega's. "In Duitsland hebben ze het anders georganiseerd. De Waddenzee is daar een nationaal park. Mensen die daar geld aan willen verdienen, worden partner. Dat gaat gepaard met een aantal cursussen. Dat willen we in Nederland ook gaan doen, zodat ze als goed gastheer voor de Waddenzee kunnen optreden."

Neffens Revier hoecht der gjin konflikt te ûntstean tusken de natuer- en kommersjele belangen. "Er is iets wat ons bindt: we willen beide mensen laten zien hoe bijzonder het gebied is. Als je maar weet dat je met elkaar staat voor een goede bescherming van de Waddenzee, dan zijn er zeker kansen." Mar it 'vermarkten' fan it Waadgebiet bliuwt dochs in bytsje in nuver wurd, fynt ek Revier. "Je denkt direct aan grote zakken geld, maar als je het op een duurzame manier met elkaar organiseert, kun je het met elkaar beschermen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)