Schulting en Zonderland ha no al wûn fan Verstappen en Wüst as sporter fan it jier

Epke Zonderland en Suzanne Schulting meitsje kâns op de titel fan sportman en sportfrou fan it jier. Op it nasjonale sportgala wurdt dúdlik oft se de priis ek winne. Oanwêzige sporters en sjueryleden bepale dan wa't de winner wurdt.
Epke Zonderland op it wrâldkampioenskip yn Doha © ANP
Zonderland hat al fjouwer kear earder sportman fan it jier west. Hy wûn dit jier sulver op it Europeesk kampioenskip turnjen, en hy waard ek wrâldkampioen op de rekstôk. "Een fantastische prestatie", seit sjueryfoarsitter Bas van de Goor. "Hij heeft het al een paar keer gedaan, en nu weer. In een grote, mondiale sport. Dat springt er wel uit."
Njonken Zonderland meitsje reedrider Kjeld Nuis en motorcrosser Jeffrey Herlings kâns op de titel sportman fan it jier. Koereur Max Verstappen en hurdfytser Tom Dumoulin binne net nominearre.

Suzanne Schulting

Schulting is nominearre fanwege har gouden medalje op de Spelen yn Súd-Koreä. It wie de earste gouden shorttrackmedalje foar Nederlân. "Een waanzinnige prestatie" seit Van de Goor.
Schulting hat konkurrinsje fan reedrydster Jorien ter Mors, en fan hurdfytsters Anna van der Breggen en Annemiek van Vleuten. Schulting hie net echt ferwachte dat se nominearre wurde soe. "Nee, of nou ja, ergens wel een beetje. Toen ik de longlist zag, dacht ik: 'daar staan geen kleine namen op'. Het is een hele eer." Ireen Wüst, Marrit Bouwmeester en Dafne Schippers binne net nominearre.

Jeroen Otter

Mei tenniscoach Raemon Sluiter en reedrydcoach Jac Orie is Jeroen Otter nominearre as coach fan it jier. Hy ferovere mei de shorttrackploech ien kear goud, twa kear sulver, en in brûnzen medalje op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä.
De brûnzen medalje wie de earste Olympyske medalje fan Suzanne Schulting. Ferslachjouwer Roelof de Vries wie by har heit doe't se de priis wûn. Hy wie tige emosjoneel.
It NOC*NSF Sportgala is op woansdei 19 desimber. Dan stimme sporters en sjuery oer de winners. De stim fan de faksjuery telt foar 50 persint, de sporters bepale mei mekoar de oare 50 persint.