"Tafersjoch by skoallen, sikehuzen en sosjale ynstellingen kin folle better"

It tafersjoch yn de publike en semy-publike sektor is lang net altyd goed genôch. Dat sizze trije saakkundigen yn it radioprogramma Buro de Vries. Se ha it benammen oer tafersjoch yn it ûnderwiis, yn de soarch en yn oare ynstellingen dy't oan de oerheid ferbûn binne.
Avelien Haan, Pieter de Kroon en Piet Fortuin © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Pieter de Kroon, Avelien Haan en Piet Fortuin sizze dat in ried fan tafersjoch te faak út itselde soart minsken bestiet, dy't net belutsen genôch binne by de ynstelling dêr't se op tasjogge, en tefolle yn de eigen wrâld sitte.
Der soe in yndustry ûntstean fan profesjoneel tafersjochhâlders. Yn de praktyk kinne je hast net yn in ried fan tafersjoch komme as je gjin konneksjes hawwe yn dy wrâld.
Pieter de Kroon is de foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan reedrydbûn KNSB. Hy wie earder kommissaris by sosjale wurkfoarsjenningsorganisaasje Caparis.
Avelien Haan is dosinte oan de Thorbecke Academie yn Ljouwert. Se is promovearre op tafersjoch yn de bankewrâld, en saakkundige op it mêd fan mienskiplike regelingen dêr't bygelyks sosjale wurkfoarsjenningen ûnder falle.
Piet Fortuin is de foarsitter fan fakbûn CNV Vakmensen.
De ôfrûne wiken ha de media melding makke fan sikehuzen dy't omfoelen, ûnderwiisynstellingen mei problemen, en oare bedriuwen mei rebûlje tusken bestjoeren en rieden fan tafersjoch. Reden genôch foar it diskusje- en achtergrûnprogramma Buro de Vries om ris te sjen hoe't it sit mei dat tafersjoch.

De maatskiplike funksje moat foarop stean

De saakkundigen sizze dat merkwurking fan grutte ynfloed is op de wize fan bestjoeren. By in tafersjochhâlder moat de maatskiplike funksje fan in ynstelling foarop stean. Yn de soarch bygelyks. Dat de sikehuzen yn de Noardeastpolder omfallen binne, is in gefolch fan de privatisearring, seit Fortuin.
De diskusje tusken de saakkundigen yn Buro de Vries
De tafersjochhâlders soene in morele radar hawwe moatte, en witte wêr't se foar binne. Neffens Haan giet dat mis by privatisearring. Bestjoerders en kommissarissen ferlieze gauris út it each wat de organisaasje foar de mienskip betsjut.
Der ûntstiet hast in yndustry fan minsken dy't oars neat dogge as tafersjoch hâlde. Dat is slim, hiel slim.
Piet Fortuin
Haan fynt dat rieden fan tafersjoch te faak op it ynformele kontakt mei in bestjoerder of direkteur sitten bliuwe. Se nimme net gau drege besluten. Rieden fan tafersjoch soene it formele foech dat se hawwe, mear brûke moatte, seit se. Neffens Fortuin is it faak sa is dat it earst fout gean moat foardat sa'n kultuer echt feroaret.

Kontakt mei de wurkflier is essinsjeel

Wa't lid is fan in ried fan tafersjoch, soe neffens de saakkundigen aktyf útsykje moatte wat der libbet by de organisaasje. Neffens Haan bart dat hieltyd faker, mar noch lang net faak genôch.
De Kroon fynt dat der fierstente min nei de minsken yn de bedriuwen sjoen wurdt, en dat der te min kontakt is mei de wurkflier, mar neffens Fortuin moatte je net op yndividueel nivo mei minsken it petear oangean. Hy hat leaver dat in ried fan tafersjoch praat mei bygelyks de ûndernimmingsried.

Profesjonalisearring is in grut gefaar

Fortuin makket him soargen oer it grutte oantal profesjonele tafersjochhâlders. De grize giet him oer de grouwe by dit fenomeen. "Der is hast in yndustry oan it ûntstean fan profesjonele tafersjochhâlders. Dy dogge neat oars as fiif dagen yn 'e wike tafersjoch hâlde. Dat is slim, hiel slim."
Yn de praktyk is it hast net mooglik om yn in ried fan tafersjoch te kommen as je gjin konneksjes hawwe yn dy wrâld. Dat is neffens de saakkundigen net goed. Haan sjocht wol in feroaring mar dy giet stadich. It saneamde 'old boys network' is dreech te trochbrekken, seit se. Se wol dat minsken mei in ferskillende achtergrûn yn in ried fan tafersjoch komme.
Avelien Haan © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Fortuin hat as fakbûnsfoarsitter ûnderfining mei in ried fan tafersjoch. It CNV hat derfoar soarge dat der út ferskate lagen minsken yn sitte, seit er. Dat binne neffens him gjin profesjonele tafersjochhâlders.
De Kroon is wol profesjoneel tafersjochhâlder. Mar hy is ek prinsipieel. By Caparis wie hy lid fan de ried fan kommissarissen, mar hy fleach der út neidat er woe dat it bedriuw hege bonussen en gouden hândrukken ôfskaffe soe. De oare kommissarissen woene dat net. De Kroon krige gelyk. De bonussen waarden ôfskaft, mar hy moast wol it fjild romje.
Pieter de Kroon © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De Kroon fynt dat der in sollisitaasjekommisje wêze moat foar nije tafersjochhâlders. Hy seit dat it moreel kompas te faak ûntbrekt by kommissarissen en tafersjochhâlders.
De trije saakkundigen hoopje dat se, troch dit ûnderwerp op de aginda te hâlden, in kanteling teweibringe kinne.
Buro de Vries is in radioprogramma fan Omrop Fryslân, mei diskusje en achtergrûnen by it nijs fan de wike. It is alle sneinen te hearren tusken 11:00 en 13:00 oere. It wurdt jûns om 21:00 oere werhelle.