FIDEO: Unike bylden út klaaikeamer VV Bûtenpost

02 des 2018 - 14:20

It wie op foarhân in bysûnder duel foar René van der Weij, trainer by VV Bûtenpost: SC Genemuiden tsjin VV Bûtenpost. Nei fjouwer jier yn it blau is René van der Weij takom seizoen trainer fan grien-wyt, de kleuren fan Genemuiden. Omrop Fryslân folge de trainer om de wedstriid hinne en koe meisjen yn de klaaikeamer fan 'de Blaukes'.

Wedstriid fan de wike: bysûnder duel foar Bûtenpost-trainer

De wedstriid einige yn 1-1, trochdat Rob Dijkstra yn de lêste minút noch skoare koe foar Bûtenpost. It lykspul waard fierd as in oerwinning.

(Advertinsje)
(Advertinsje)