Wetter ûnder akwadukt N31 by Harns, rydstroken ôfsletten

02 des 2018 - 14:02

Ferkear dat oer de N31 troch Harns wol, moat rekken hâlde mei ôfsletten rydstroken. Troch in stikkene pomp leit der oan beide kanten in flinke plasse wetter op de dyk. Ferkear kin der wol lâns, lykwols yn beide rjochtingen mar oer ien rydstrook.

Foto: Postema Media

It wetter wurdt mei tankweinen fuorthelle. Undertusken is in monteur dwaande mei it meitsjen fan de pomp. Rykswettersteat hopet no dat it probleem oan it begjin fan de jûn foarby is. Salang bliuwt yn beide rjochtings dus in rydstrook ôfsletten.

Trefwurden: 
Harns N31 akwadukt pomp
(advertinsje)
(advertinsje)