Djipper Boksumer Soal as alternatyf foar drok Van Harinxmakanaal

Sloepfarders hoege fan fan 't maaitiid ôf net mear oer it drokke Van Harinxmakanaal, as se fan Ljouwert nei Deinum wolle. Troch it útdjipjen fan it Boksumer Soal kin der aanst in rûte binnentroch naam wurde.
Djipper Boksumer Soal as alternatyf foar drok Van Harinxmakanaal
It djipper meitsjen fan it Boksumer Soal wurdt dien op inisjatyf fan de gemeenten Ljouwert en Waadhoeke, dy't yn de feart in feiliger alternatyf sjogge, sjoen de frachtskippen dy't ek op it kanaal farre.
It baggerjen begjint moandei by de Haak om Ljouwert en wurdt útfierd troch oannimmer Ippel Dredging. Dy wurket dan fierder yn de rjochting fan Deinum. Yngenieursburo Bureau Schmidt hat de ôfrûne seis moannen al mei de tarieding fan it wurk dwaande west.
It wurk wurdt ûnder oare betelle mei jild út it subsydzjeprogramma Streekwurk fan de provinsje.
Meint Lautenbach, tafersjochhâlder © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen