Ferlies foar Fryske kuorbalploegen SCO en Mid-Fryslân

De Fryske kuorbalploegen yn de haadklasse B ha sneon gjin oerwinning behelje kinnen.
© Orange Pictures
SCO út Aldeholtpea moast tsjin Dalto út Driebergen. De Fryske klup ferlear de útwedstriid mei 32-24 fan Dalto.
Ek Mid-Fryslân, it gearwurkingsferbân fan de kuorbalklups út Akkrum, Grou, Reduzum en Warten, koe it net winne. Tsjin Oost-Arnhem waard it yn de thúshal 33-23 yn it foardiel fan de gasten.