Tredde Nederlanners stipet 'giele heskes', dy't sneon ek yn Ljouwert demonstrearren

02 des 2018 - 10:57

Ien op de trije Nederlanners is bliid mei de aksjes fan de giele heskes. Dat docht bliken út ûndersyk fan Maurice de Hond. Sneon waarden op meardere plakken yn Nederlân de earste demonstraasjes troch minsken yn giele heskes hâlden. Yn Ljouwert demonstrearre in lyts groepke fan goed tsien minsken op it Wilhelminaplein.

De lytse demonstraasje yn Ljouwert - Foto: Kappers Media

De protesten rjochtsje har tsjin it kabinetsbelied. Neffens Maurice de Hond binne benammen kiezers fan de PVV, Forum voor Democratie en de SP bliid mei de aksjes, mar ek acht prosint fan de VVD-stimmers kin him der yn fine.

De protesten fan de giele heskes begûnen yn Frankryk. Dêr rûn in protest yn Parys sneon folslein út de hân. Der waarden tsientallen auto's yn 'e brân stutsen, by banken waarden ruten ynsmiten en strjitmeubilêr waard fernield.

(Advertinsje)
(Advertinsje)