Stappers oanhâlden yn binnenstêd Ljouwert

02 des 2018 - 10:19

De plysje hat sneontenacht fjouwer stappers oanhâlden by ferskate ynsidinten yn de binnenstêd fan Ljouwert. Se moasten allegearre mei nei it plysjeburo.

Foto: Omrop Fryslân

In 19-jierrige Ljouwerter hie in hoarekaferbod foar de Doelesteech, mar negearre dat. Hy begûn de oanwêzige plysjes te misledigjen en ûnder te flybjen. De stapper krige in flybmasker op én ferlinging fan syn hoarekaferbod.

Ek in 19-jierrige ynwenster fan Ljouwert negearre har hoarekaferbod, en waard oanhâlden op it Ruterskertier. Boppedat joech se in falske namme troch oan de plysje.

Twa Ljouwerters fan 20 en 21 jier waarden oanhâlden foar mislediging fan plysjeminsken. Dat barde op it Ruterskertier en it Grut Schavernek.

Rinne oer plysjewein

Fierders krige in 40-jierrige Ljouwerter proses-ferbaal, om't er oer in plysje-auto hinne rûn dy't parkearre stie op it Wilhelminaplein. Neffens de plysje wie der gjin skea oan de auto te sjen.

(advertinsje)