Opluchting by SC Hearrenfean oer earste thúswinst en goedkard doelpunt

02 des 2018 - 08:29

Foar SC Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink is it in grutte opluchting dat syn ploech sneontejûn lang om let de earste thúsoerwinning fan it seizoen pakt hat. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it tsjin Fortuna Sittard 3-1 yn it foardiel fan de Friezen.

Olde Riekerink is ferromme en fynt it foaral ek moai foar de fans fan de Fryske klup. "Ik ben gewoon blij dat de supporters een hele mooie wedstrijd hebben gezien, of in ieder geval een wedstrijd waarin je wint, en waarin de spelers zeer strijdlustig waren."

De djipte yn

In dúdlike ferklearring wêrom't Hearrenfean no wol wist te winnen en oare kearen net, hat de trainer net. "Dit team heeft elke week wel de drive om te presteren. We verdedigden nu iets anders dan de andere wedstrijden."

Benammen de djipte waard benut mei de spilers Mitchell van Bergen, Arbër Zeneli en Pelle van Amersfoort. Nei de iepeningstreffer fan Daniel Høegh wisten Zeneli en Van Amersfoort goals twa en trije op harren namme te skriuwen.

Pelle van Amersfoort - Foto: www.orange-pictures.nl

Wol of net bûtenspul?

It tredde doelpunt wie in grut punt fan diskusje yn de wedstriid. Stie Van Amersfoort no bûtenspul of net? De fideoskiedsrjochter moast der oan te pas kommen en úteinlik waard de goal dochs goedkard. "Ik heb het voordeel van de twijfel gekregen", seit Van Amersfoort. "Uiteindelijk hebben ze zoveel beelden en is het aan hen om te beslissen. Hij telt, dus is het voordeel een keer aan ons. Ik ben heel blij met mijn goal."

Trainer Olde Riekerink, dy't de bylden koart nei de wedstriid noch net sjoen hie, woe it measte net kwyt oer de beslissing fan de fideoskiedsrjochter. "Ik ben niet de VAR van de VAR. Maar goed, hij telt toch?"

(advertinsje)
(advertinsje)