Follybalfroulju fan VC Snits jouwe kâns op beker út hannen

01 des 2018 - 23:56

De follybalfroulju fan VC Snits dogge net mear mei yn de striid om it bekertoernooi. Yn de achtste finale ferlearen se mei 3-1 fan Set-Up '65 út Ootmarsum.

Hester Jasper fan VC Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

Snits like goed te begjinnen oan de wedstriid en wûn de earste set mei 22-25. Dêrnei liken de Friezen it spul út hannen te jaan. De froulju fan Set-Up '65 wûnen de twadde set mei tsien punten ferskil: 25-15.

De tredde en fierde set gie it de Snitsers net better ôf. Dy ferlearen se mei 25-18 en 25-21.

(Advertinsje)
(Advertinsje)