Kuorballers fan LDODK winne fan trainer dy't se earder dit jier ûntslein ha

De kuorballers fan LDODK ha mei 38-21 wûn fan KCC út Capelle aan den IJssel. It is de grutste oerwinning fan it seizoen.
It wie de earste kear dat de kuorballers fan De Gordyk tsjinoer âld-trainer Erik Wolsink kamen te stean. Yn maart fan dit jier waard hy ûntslein by LDODK. Hy is no de coach fan KCC.
© www.orange-pictures.nl
De wedstriid yn Capelle aan den IJssel begûn in oere letter as de bedoeling wie, omdat skiedsrjochter Johan Vries fêst siet yn it ferkear. Der wie in file troch in ûngelok op de A12.
LDODK hie in goeie start. De Friezen pakten flot in 4-0 foarsprong. KCC kaam fuortdaliks sterk werom nei 7-7, en koe oant 11-12 knap bybliuwe. Flak foar it skoft soargen foaral de internasjonals Erwin Zwart en Marjolijn Kroon derfoar dat der in romme foarsprong op it boerd kaam. De rêststân wie 11-17.
Yn de twadde helte besocht KCC om it gat lytser te meitsjen. Dat slagge net. De Gordyksters skeaten mei skerp en rûnen hieltyd fierder út. Beide vakken hellen oanfalspersintaazjes fan boppe de 40 prosint. Marlou Kuiper skoarde seis kear, wêrfan fiif kear yn de twadde helte. Erwin Zwart, Marjolijn Kroon en Femke Faber wienen ek sterk, mei acht, seis en fiif doelpunten.
Kuorballers LDODK en Boode winne fan KCC
Foar LDODK-spylster Diana van der Vorst waard in ekstra leuke wike. Winne fan KCC is al moai, mar se krige ek in útnoeging fan bûnscoach Wim Scholtmeijer om mei te dwaan oan de "Korfbal Challenge", mei de talinten fan Team NL.
Tusken Kryst en Ald en Nij spylje se in toernoai tsjin ûnder oare België, Suriname, Sineesk Taipei en de finalisten fan ferline jier TOP en Fortuna. Dêr treft se ek ploechgenoaten Erwin Zwart en Marjolijn Kroon.
Diana van der Vorst fan LDODK