Nije escaperoom moat soargje foar mear dynamyk yn Easterwierrum

Ien op de fiif ynwenners fan Easterwierrum hat meiholpen om in escaperoom yn it doarp te realisearjen. De jongerein út it doarp sil de attraksje útbate. Dêr krije se in frijwilligersfergoeding foar.
Frijwilligers runne escaperoom Easterwirrum
Neffens inisjatyfnimmer Trudy de Vos moat de attraksje soargje foar mear dynamyk yn Easterwierrum. "Der is by in escaperoom net allinne gearwurking nedich om derút te ûntsnappen, mar ek om der ien te bouwen. Dat ha we echt mei ús allen dien."
Sechstich frijwilligers út it doarp ha holpen om de escaperoom te meitsjen. Der wenje 300 minsken yn Easterwierrum.
De ynwenners binne der grutsk op dat se it foar mekoar krigen ha om de escaperoom te realisearjen. Se ha de finânsjes rûn krigen mei behelp fan subsydzjes en sponsoring.
Sneon is de escaperoom fan Easterwierrum offisjeel iepene.
In escaperoom is in spul dêr't meardere minsken by opsletten wurde yn ien of mear keamers. Troch opdrachten en oanwizingen moatte se dêr wer út komme.