Pauperfontein yn Warkum mei grut muzykfeest ûntlede

01 des 2018 - 20:35

De Pauperfontein, dy't ek wol pimelfontein neamd waard, hat sneon yn Warkum foar it lêst spuite. It ludike protest tsjin de wize wêrop de alve stêden elts in fontein krigen, luts in soad belangstelling. In soad minsken fine it spitich dat er ferdwynt, mar de fontein hie al gjin fêst plak yn Warkum.

Betinker wie Henk de Boer en hy krige in soad stipe. De fontein is makke mei help fan donateurs út hiel Nederlân. Guon kamen sneon del yn Warkum om as betankje in saneamd 'lid' mei te nimmen. Yn de fontein binne 200 pimels ferwurke. Mei in grut muzykfeest is ôfskie naam fan dit kulturele inisjatyf.

De Pauperfontein is sneon foar it lêst opboud en dêrnei mei in feest ôfbrutsen. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)