Marrum krijt kuierpaad om hynsterêding nea te ferjitten

Yn it gebiet dêr't seis amazônes yn 2006 twahûndert hynders rêden ha dy't ynsletten wienen troch it hege wetter, is in kuierpaad iepene. It paad fertelt it ferhaal fan de rêdingsaksje.
Dobbepaad
It wie begjin novimber 2006 doe't in grutte groep hynders op it Noarderleech ynsletten rekke troch it wetter. De bisten waarden wrâldnijs. Troch de hurde wyn en it hege wetter koene se net mear fan de dobbe ôf komme. Tweintich hynders kamen om it libben.
It wetter om de hynders hinne wie wol oardel meter djip. Ynstânsjes wisten net wat se mei de sitewaasje oanmoasten. Uteinlik ha amazônes mei lokhynders de bisten it paad wiisd nei de feilige seedyk.
Yn 2016 wie it tsien jier lyn dat de hynders rêden waarden. Miranda Werkman seach doe werom op de rêdingsaksje.
It kuierpaad dat no iepene is, moat it ferhaal fan de rêdingsaksje libjend hâlde. It is in inisjatyf fan doarpsbelang Marrum Westernijtsjerk, It Fryske Gea en Sense of Place.