Wierum stiet stil by seeramp fan mear as hûndert jier lyn

01 des 2018 - 18:56

It is 125 jier lyn dat op de Waadsee by Wierum 22 fiskers om it libben kamen. Se waarden op see oerfallen troch in sniestoarm. Dat waard harren fataal. Ynwenners fan Wierum hawwe krânsen en blommen lein ta neitins oan de slachtoffers.

Op de seedyk stiet in monumint ta oantinken fan de ramp fan 1893. Want al is it lang lyn, yn Wierum is it ferhaal noch altyd aktueel. Generaasjes binne opgroeid yn famyljes dêr't fiskermannen fan omkaam binne.

Nei in koarte taspraak waarden krânsen en blommen dellein by it monumint op de seedyk. Foar de 22 omkommen fiskers yn 1893, mar ek foar omkommen Wierumers yn letter tiden. Sa leine twa froulju út it doarp in blomstik del dy't yn de jierren '90 harren soannen ferlern hawwe op see. Fierders leine twa fiskers in krânse út namme seis fiskersskippen dy't anneks binne mei it doarp. Dêrnei gie it programma yn it doarpshûs fierder mei taspraken en sang.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Trefwurden: 
Wierum betinking ramp fiskers
(advertinsje)