Muzykferiening út Drachten ferslyt njoggen repetysjeromten yn 25 jier

01 des 2018 - 18:24

De kristlike muzykferiening Crescendo fan Drachten siket in nije repetysjeromte. It wurdt it tsiende oefenlokaal sûnt 1995. De muzikanten brûke no noch in romte yn in âld bankgebou oan de Burgemeester Wuiteweg. Dat wurdt sloopt, dus se moatte der út.

De muzykferiening set alles op alles om wer in geskikte lokaasje te finen. Dy mei net al te djoer wêze, en dat makket it lestich, seit de feriening. Der binne op dit stuit 110 leden. Dy ha eins noch noait in fêste repetysjeromte hân.

De muzikanten roppe de help yn fan oare minsken út Drachten. Meikoarten prate se mei fertsjinwurdigers fan poppoadium Iduna, en se sille ek om tafel mei twa skoallemienskippen.

Trefwurden: 
Drachten Crescendo oefenromte
(advertinsje)
(advertinsje)