Tieme Klompe bliuwt in jier langer trainer by de Harkemase Boys

01 des 2018 - 18:22

Haadtrainer Tieme Klompe fan Harkemase Boys is ek takom jier aktyf op De Harkema. Dat makke Klompe sneontemiddei sels bekend op Sportpark De Bosk.

"Dit is een keuze op gevoel," seit Klompe, "ik vind het gewoon mooi hier. Ik heb het naar mijn zin, met de poten in de klei." Klompe is no oan syn earste jier dwaande by Harkemase Boys. Mei dy klup stiet er op it fiifde plak yn de tredde difyzje.

De klup is wiis mei it beslút fan Klompe. "De gearwurking mei Tieme is hiel noflik", seit Harkemase Boys-foarsitter Albertus Boonstra. "Hy past hjir goed. Net allinnich as trainer, mar ek as persoan."

Tieme Klompe is 42 jier âld. Hy wie earder aktyf as profspiler foar SC Hearrenfean. Dêr hat er acht jier lang ferdigener west.

(advertinsje)
(advertinsje)