ONS Snits ferliest útwedstriid fan VVOG yn de lêste tsien minuten

ONS Snits hat yn de tredde difyzje fan it amateurfuotbal trije punten lizze litten yn Hurderwyk. Tsjin VVOG waard it 2-1. It earste doelpunt wie fan Rihairo Meulens fan VVOG.
© www.orange-pictures.nl
VVOG wie eins de hiele wedstriid de boppelizzende ploech. Der wie wol in grutte kâns foar Martijn Barto fan ONS, mar dat skot waard keard troch de doelman fan Hurdweryk.
Yn de rin fan de earste helte waard ONS sterker. VVOG moast ferdigenje. Serge Fatima koe foar ONS de 1-1 de goal yn knikke. Mei in likense stân sochten de beide ploegen de klaaikeamers op.
Nei de rêst hie VVOG de kontrôle. Kânsen kamen der net. Oant de lêste tsien minuten fan de wedstriid. Doe skoarde Desmond Sturing nei in hurd skot. Hy bepaalde de einstân. 2-1.