Bûtenpost sleept lykspul foar de helsdoarren wei yn Genemuiden

01 des 2018 - 17:31

It like der lang op dat VV Bûtenpost mei lege hannen nei hûs gean soe, nei de wedstriid tsjin Genemuiden, mar yn de slotfaze fan de wedstriid skoarde Rob Dijkstra de lykmakker. It waard 1-1.

Reaksje fan de spilers

Yn de earste helte hie SC Genemuiden lang it better fan it spul, mar echte kânsen kamen der net. Flak foar de rêst krige Rolf Dijk fan Bûtenpost in frije kopkâns. Keeper Daan Huiskamp rêde Genemuiden fan in achterstân. It bleaun 0-0.

Direkt nei de rêst krige Bûtenpost opnij in grutte kâns. Joost Jelle Visser skode de bal krekt foar de goal lâns. En even letter kearde keeper Huiskamp in nije ynset fan Visser. Jan Hooiveld fan Genemuiden skoarde nei 63 minuten de 1-0.

De slotfaze fan de wedstriid wie tige spannend. Kay Veldstra fan Genemuiden koe de wedstriid beslisse, mar each yn each mei de doelman fan Bûtenpost skeat er de bal neist de goal. Rob Dijkstra fan Bûtenpost wie skerper. Yn de lêste minút fan de wedstriid makke hy de lykmakker.

Spilers binne bliid mei in punt

Foar trainer René van der Weij wie it in bysûndere wedstriid. Nei fjouwer seizoenen foar VV Bûtenpost makket hy takom seizoen de oerstap nei SC Genemuiden.

Earder spile Van der Weij ûnder oare by SC Cambuur. Hy debutearret dit jier mei VV Bûtenpost yn de haadklasse.

René van der Weij by de wedstriid tsjin Genemuiden - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
(Advertinsje)
(Advertinsje)